Pûden mei jild, fjoerwapens en dikke auto's yn wytwasksaak Ljouwert

11 jun 2019 - 13:01

Op in tsiental plakken yn Ljouwert binne tiisdeitemoarn ynfallen dien yn in grut ûndersyk nei it wytwaskjen fan krimineel jild. Dêrby binne acht minsken oanhâlden. By de aksje waard ek in team fan it leger ynsetten.

Omrop Fryslân-ferslachjouwer Hayo Bootsma wie oanwêzich by ien fan de ynfallen. "In hiel team slûpt dan mûsstil troch in wyk om by in wente te kommen. As se by dy wente stean, besykje se hiel stil de doar iepen te krijen. Yn dit gefal wie it in doar fan keunststof en dat jout wat minder maklik ta. Se hiene dêrom in ekstra stoarmraam nedich."

Omdat it stikkenslaan fan de doar net sa rap gie as ferwachte, hie de fertochte bewenner al gau troch dat it gjin suvere kofje wie. "Dan moatte je gau nei binnen ta. De teamsjef sei: je hawwe yn prinsipe acht sekonden om binnen te kommen." In minske soe nammentlik acht sekonden nedich hawwe om te besluten wat te dwaan.

De oanhâlding sels ferrûn frij maklik. Neffens plysjesjef Cor Reijenga giene de oanhâldings op de oare lokaasjes ek frij rap. "We binne derop traind. It is prima ferrûn."

Foto: Anton Kappers

Oanlieding foar de ynfallen wie neffens Reijenga ynformaasje dy't binnenkaam fia Meld Misdaad Anoniem. "Minsken hawwe oanjûn dat de man aktyf wie yn de ferdôvjende middels. Dat wie foar ús de oanlieding om tegearre mei oare ynformaasje in ûndersyk te starten. Blykber foel it minsken op dat guon minsken mear jild útjouwe as dat se hawwe soene. Dizze man hie ek noch in útkearing, dus dat falt op."

"Dizze man ferhannelet ferdôvjende middels. Dêr wurdt jild oan fertsjinne. Dêr wurdt yn de 'boppewrâld' ûnreplik goed mei kocht. Dat wurdt ferhierd en dat is legaal. Op in gegeven momint wurdt it hiel lestich foar de oerheid as je it net bewize kinne. Yn dit gefal kinne we dat en dat wurdt de fertochte ek as lêst foarlein."

Auto's, boaten en jild

Yn totaal binne op fyftjin plakken ynfallen dien. Dêr troffen de teams ferdôvjende middels, fjoerwapens en pûden mei jild oan, mei-inoar hast sân ton oan kontanten. "Der binne ek auto's en boaten yn beslach naam." Op foto's is te sjen dat der net allinnich by wenningen guod fuorthelle is. Ek yn de parkeargaraazje ûnder it Wilhelminaplein yn Ljouwert hat de plysje in djoere auto yn beslach naam.

Foto: Anton Kappers

De omfang fan dizze aksje is lykwols net unyk. Foarich jier wie der de Arville-saak. "Regelmjittich treffe we by dit soart kriminele organisaasjes dit soart foarmen fan jild en wapens oan."

Oft der in ferbân is tusken dizze saak en Arville-saak kin Reijenga neat sizze. "Foarige wike hat der ek in ûndersyk west yn Terherne. Doe hawwe we ek spullen yn beslach naam. It giet allegear om aktiviteiten dy't yn ferbân steane mei ferdôvjende middels, wêrby in soad jild fertsjinne wurdt."

Kriminele organisaasje

Der is dúdlik sprake fan in kriminele organisaasje. "De haadfertochte en de oare minsken dy't oanhâlden binne, wurkje tegearre yn in bepaalde hierargy." De manlju sitte op dit stuit yn beheining.

De folsleine aksje is in gearwurking tusken ûnder oare de plysje, Definsje, de FIOD en it UWV.

Foto: Anton Kappers
(advertinsje)
(advertinsje)