Fytsalvestêdetocht sjocht opnij nei draaiboek nei tonger fan moandei

11 jun 2019 - 12:52

It is in edysje dy't de dielnimmers en de organisaasje net gau wer ferjitte sille. De 83e kear dat de Fytsalvestêdetocht ferriden waard. Yn totaal 750 dielnimmers hellen de finish yn Boalsert úteinlik net. In part fan harren moast fan de dyk helle wurde fanwege tonger. It wie in gelok dat dit needwaar sa let kaam, seit de organisaasje, want der leit eins noch gjin plan foar in tongerevakuaasje op in earder momint op de dei.

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Krekt nei tsien oere jûns kaam it berjocht dat de lêste fytsers fan de Fytsalvestêdetocht troch de organisaasje fan de dyk helle waarden. Tongerbuien soene it te gefaarlik meitsje om troch te fytsen. Foarsitter Stephan Rekker is bliid mei hoe't dizze evakuaasje ferrûn is: "Gelokkich hawwe wy op tiid opskaald, sa't wy de minsken fluch fan de dyk helje koene, want it wie net fertroud."

By in koarte evaluaasje op tiisdeitemoarn komt it bestjoer der lykwols wol fuort achter dat it hjoeddeistige draaiboek in hiaat hat: der is gjin plan foar in betide tongerbui. Op it momint dat de buien moandei de provinsje yn kamen wiene der noch mar in pear hûndert fytsers ûnderweis. Wiene de buien earder kaam, dan hawwe je it al gau oer in pear tûzen. In meunsterput, tinkt ek Rekker: "Dan is der hooplik de mienskip dy't helpt, bygelyks mei buorkerijen, doarpshuzen of gymsealen. Ik tink dat dit part fan it draaiboek noch net 100 prosint wetterticht is."

Seedykrûte bliuwt foarearst

De rûte by de seedyk del, oer it Bilt, wie foar in soad dielnimmers in pittige ûndernimming. Mei de wyn dy't út it noarden oant noardeasten stie, hiene de fytsers pal yn de wyn. De ôflieding fan de doarpen waard mist. Yn de jierren hjirfoar rûn de rûte ûnder oare troch Ferwert en Blije. Mar no dus net mear. No wie it ien lang stik by de seedyk yn de rjochting fan Holwert. Dochs is de hurde wyn en de krityk foar de organisaasje gjin reden om de rûte wer troch de doarpen rinne te litten. "Ferline jier fûnen wy de rûte prachtich, dus dat sil no net nei ien drege edysje oanpast wurde."

(Advertinsje)
(Advertinsje)