Slim ûngelok by plomfeebedriuw yn Wytmarsum

11 jun 2019 - 12:47

By in plomfeebedriuw yn Wytmarsum is tiisdeitemoarn in persoan slim ferwûne rekke. It slachtoffer siet beknypt. De brânwacht, ambulânses en in traumahelikopter binne útriden.

Foto: Jaring Rispens

Wat der krekt bard is en wat de oarsaak is fan it ûngelok, is net bekend. Der fine bou-aktiviteiten plak by it bedriuw. It slachtoffer is mei de traumahelikopter nei it sikehûs brocht.

(advertinsje)