40 nasjonaliteiten te gast by HZPC

10 nov 2011 - 20:08

De jierlikse 'Potato days' by de HZPC lûke dit jier klanten en relaasjes út sa'n 40 lannen nei De Jouwer. De HZPC eksportearret poatjirappels nei mear as 70 lannen. Op 'e Jouwer wurdt in breed oanbod fan mear as 70 jirpelrassen toand. Dêr sitte ek nije rassen by en bysûndere produkten, lykas jirpels yn ierdbeikleur. De HZPC belibbe yn 2010/2011 in poerbêst seizoen. Dit jier is de merk muoisum. De prizen binne leech en de eksport nei wichtige merken as Noard-Afrika en Súd-Europa is dreech. Foar de wat langere termyn is de HZPC optimistysk.

Trefwurden: 
HZPC potato days poatierappel
(advertinsje)