Accolade set sloop 34 wenningen yn Drachten dochs troch

11 jun 2019 - 11:33

Wenningkorporaasje Accolade leit it advys fan de Bewennersried neist har del as it giet om de sloop fan 34 wenningen oan de Geelgorsstrjitte en de Noarderdwersfeart yn Drachten. Ut in enkête docht bliken dat 10 fan de 33 bewenners tsjin de sloop binne. Yn persintaazjes útdrukt is 69,7 dus foar de sloop. Fan tefoaren wie ôfpraat dat 70 persint foar wêze moat.

Ien fan de huzen dy't op de nominaasje stiet om sloopt te wurden - Foto: Omrop Fryslân

Omdat dat persintaazje dus net helle wurdt, hat de Bewennersried negatyf advisearre oer de sloopplannen. Wenningkorporaasje Accolade leit dat advys njonken har del, omdat der genôch draachflak is foar sloop en omdat 69,7 persint ôfrûne wol op 70 útkomt.

Ek fynt Accolade it wichtich dat de wenningen oanpakt wurde. Renovaasje fan de âlde arbeiderswenningen is net mooglik. Dêrom wurdt keazen foar sloop en dêrnei nijbou.

Kultuerhistoaryske wearde

De wenningen ha kultuerhistoaryske wearde, mar stean net op de monumintelist fan it Ryk of de gemeente. Mar omdat it neffens de gemeente wol in wyk is mei in eigen ferhaal en kultuer, docht de gemeente ûndersyk nei in mooglike monumintestatus.

De útkomst fan dat ûndersyk is noch net bekend. Salang't dat noch rint, begjint Accolade net mei de sloopwurksumens.

(advertinsje)
(advertinsje)