It giet wer better mei teäter De Koornbeurs yn Frjentsjer

Teäter De Koornbeurs yn Frjentsjer kin dit jier foar it earst yn tsien jier wer swarte sifers skriuwe. Hoewol't de finansjele berekkening noch net folslein klear binne, is al dúdlik dat der in lyts posityf resultaat wêze sil oer seizoen 2018/2019. Dit komt ûnder oare troch in taname yn it tal besikers.
© Google Streetview
It tal besikers oan De Koornbeurs is yn seizoen 2018/2019 mei 18 prosint omheech gien, yn fergelyk mei in jier earder. Yn absolute oantallen sit it Frjentsjerter teäter dêrmei wer op it nivo fan 2016/2017. Yn totaal kamen mear as 18.000 minsken mei in kaartsje by de kassa del. Dizze groei is neffens it management foar in part te tankjen oan in bettere marketing, mar ek in programma dat better oanslút op wat it publyk wol.
Benammen it tal besikers oan filmfoarstellingen is bot tanaam: mei 55% oant 4.100 besikers. By it reguliere programma wie de groei 13%.