Muzykteäterfoarstelling TITUS wie grut sukses

11 jun 2019 - 10:39

De foarstellings fan de muzykteäterproduksje TITUS yn de Bonifatiuskapel yn Dokkum wiene in grut sukses. Alle tsien foarstellings wiene sa goed as útferkocht. Allinnich op Pinkstermoandei wie it wat rêstiger.

By de premjêre fan it stik wie der hege besite. Earegast wie de Spaanske prior-generaal Fernando Millàn Romeral. Hy is de oerste fan de ynternasjonale Karmeloarder. Dat is de kleasteroarder dêr't Titus Brandsma lid fan wie.

Positive reaksjes

De reaksjes op it stik wiene tige posityf. Minsken wiene neffens de organisaasje djip ûnder de yndruk fan it teäterstik oer it bysûndere libbensferhaal fan aktive Fryske pater Titus Brandsma.

De organisearjende Stichting 754 sjocht dan ek mei in goed gefoel werom op it evenemint. "Wij willen iedereen bedanken voor de fantastische samenwerking, van cast tot vrijwilligers, van techniek tot bouwploeg en alle bedrijven die ons gesteund hebben. Zonder al deze mensen zou TITUS nooit zo'n groot succes zijn geworden. Het was boven verwachting", seit Linda Vellema fan Stichting 754.

(Advertinsje)
(Advertinsje)