Ferhalejûn LF2018 krijt in ferfolch yn novimber

De ferhalejûn basearre op de 'Winterjûnenocht' krijt in ferfolch. De ferhalejûn is in tradysje út de 19e iuw, en waard yn 2018 wer opnij yntrodusearre as ûnoffisjele iepening fan LF2018. Minsken sykje elkoar op yn wenkeamers en musea om ferhalen te fertellen.
Der komt in twadde edysje fan de ferhalejûn
Hast trijehûndert partikulieren en fyftich musea diene de ferline jier mei oan it evenemint. De organisaasje wol it dit kear breder oanpakke en ûnder oare mear hoareka en bedriuwen derby belûke. "Ook willen we meer met muziek doen. Als je dan bij iemand in de huiskamer naar een verhaal komt luisteren er dan bij binnenkomst iemand met een trekzak of gitaar muziek zit te maken", fertelt artistyk lieder Just Vink. Tema dit jier is: 'as stiennen prate koene'.

Museumkleaster Claerkamp

Ien fan de dielnimmers fan de foarige kear is Matsje Wijtsma út Rinsumageast. Se stelde har pleats iepen en fertelde in ferhaal oer in moaie âlde kast yn har hûs. Ek museumkleaster Claerkamp, dat oan har wenning fêstsit, die mei. Der kamen in soad minsken op ôf. "It is live, it is echt, gjin telefyzje", ferklearret Wijtsma de ynteresse.
Se docht dit jier ek wer mei, tegearre mei Claerkamp. It buorrelet al fan de ideeën. "Dit is in histoarysk gebiet mei in soad âlde stiennen. It fûnemint fan ús pleats bestiet út de kleastermoppen fan it kleaster."