Grutte plysje-aksje yn Ljouwerter wytwasksirkwy

11 jun 2019 - 09:03

Yn Ljouwert binne tiisdeitemoarn betiid fjouwer minsken oanhâlden yn in grut ûndersyk nei it wytwaskjen fan krimineel jild. Njonken de arrestaasjes binne op noch in tsiental oare plakken ynfallen dien. Dêrby is ek in team fan it leger ynsetten.

Der is ien haadfertochte. Hy wurdt derfan fertocht dat hy mei oaren fia ferskate bedriuwen jild wytwosken hat. Op fyftjin lokaasjes oer hiel Ljouwert hinne wurde op it stuit wenten en bedriuwspannen trochsocht.

Dêr wurde 170 minsken foar ynset. It giet njonken it Iepenbier Ministearje en plysjes ûnder oare om sykteams fan it leger en de FIOD (Fiscale inlichtingen- en opsporingsdienst). De aksje is op it stuit noch oan de gong.

(advertinsje)