Kollum: "Us heit: punt."

11 jun 2019 - 08:19

"Dizze kollum is ien mei in keppelstreekje. En ien mei in punt. In keppelstreekje, omdat er mei dy fan foarige wike te meitsjen hat, in punt om deselde reden.

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Toan fan Willem Schoorstra

Ik hie it in wike lyn oer de tsjinslach fan ús heit. Oer hoe't er fallen wie en it senario dat him dêrnei ûntjoech. Underwylst is er stoarn. In man fan hûndert jier, waans libben ik yn in koart yn memoriam as in kalme see mei út en troch woeste weagen omskreaun ha. Hûndert jier is in baasleeftyd. In folsleine iuw, wêryn't it jonkje Klaas opgroeide yn in traach ferline, folwoeksen en âld waard yn in almar flugger takomst.

Alle feroaring en modernisearring yn dy hûndert jier omearme er mei in kalme lykmoedigens. "It libben is feroaring", sei er wit hoe faak. "Dat moat ek. Stilstân is efterút buorkje. Der bliuwe altyd saken dêr't je it net mei lykfine kinne. Dat ha je no ienris te akseptearjen. It is sa't it is." It is dy hâlding fan evenredigens dy't him ta in bemiddeler makke. Yn konfliktsituaasjes socht hy altyd nei in oplossing, nei konsensus. In kwaliteit dy't opfoel. Yn syn tiid yn Nederlânsk-Ynje waard hy frege by skeel of misferstân tusken de befolking en it militêr apparaat. Of by rûzjes tusken de manlju ûnderinoar. Hy wie in skiedsman, in ûnderhanneler. In man mei in sosjaal hert en mei in skerp each foar de minsklike mjitte.

Dat iepenbiere him ûnder oare yn syn wurk as opsichter by Rykswettersteat. Yn dy kwaliteit moast er tafersjoch hâlde op de prestaasjes fan syn tiim. Ek doe al moast presys byhâlden wurde hoefolle wurk elkenien yndividueel fersette. No wie der ien man yn dat tiim dy't net 100 punten wie. Dy sette minder út 'e wei as de oare manlju. Reden foar Rykswettersteat om sa'n persoan derút te knikkerjen. Mar ek al wie it swier en min wurk dat net al te bêst fertsjinne: ûntslach soe de maatskiplike deastek foar de man yn kwestje betsjutte hawwe. Dat hâlde ús heit him de hân boppe de holle troch dy syn resultaten krekt wat geunstiger foar te stellen as dat se wiene. Sadwaande koe 70 punten syn plakje hâlde en folweardich yn de maatskippij meidraaie.

Soks tekenet ús heit ta de fuotten út. De minske en syn of har wolwêzen stie by him foaroan. Hoe bitter is it dat krekt dat, de minsklike mjitte, yn syn lêste dagen ûntbrutsen hat. Syn iennichste winsk wie om gjin pine te hawwen. Dat is net slagge. Hy hat lije moatten, nettsjinsteande de ôfspraken dy't mei de behanneljend dokter makke wiene.

Ik besef dat der regels wêze moatte. Dat it risiko op útwaaks oars oanwêzich is. Mar it kin dochs nea de bedoeling wêze dat regels boppe de minske gean. Dat de pasjint it slachtoffer wurdt fan regels dy't krekt syn of har wolwêzen foarstean. Sokke regels doge net en moatte oanpast wurde. Yn it belang fan al dy pasjinten en harren famyljes dy't dêr no mei te meitsjen ha, en krije sil. It is de heechste tiid foar mear humanens yn de lêste dagen fan in minske, oft dy no jong of âld is. Punt."

(advertinsje)