By Ljouwerter slachter kin betelle wurde mei âlde gûnebiljetten

11 jun 2019 - 07:37

It Waarlamke, de Fjoertoer, de Sinneblom, Frans Hals... Wa't thús noch âlde gûnebiljetten lizzen hat, kin dêr yn it wykein fan 15 en 16 juny mei betelje by Kwaliteitsslagerij De Schrans yn Ljouwert. De slachterij bestiet dan nammentlik 25 jier. Fanwegen dat jubileum hantearret de winkel op dy dei de prizen fan in kwart iuw lyn en wurde âlde jildbriefkes akseptearre.

Foto: Google Street View

Sûnt de ynfiering fan de euro binne dy biljetten gjin jildich betelmiddel mear. "By ús dus wol", seit slachter Johannes Hoekstra laitsjend. "Dat wie 25 jier lyn ek it gefal. We rekkenje de offisjele koers. 1 gûne is by ús dus 45 eurosint wurdich."

Hoekstra sil de biljetten sels wer ynleverje. "De measte âlde gûnebiljetten kinst uterlik tritich jier nei ynfiering fan de euro, dat wie op 1 jannewaris 2002, noch omwikselje by de Nederlandsche Bank. Dus oant 1 jannewaris 2032."

Hûndertsjes

It 'geeltsje', it briefke fan 25 gûne mei de ôfbylding fan Jan Pieterszoon Sweelink en de briefkes fan 5 gûne mei Vondel I en Vondel II moatte foar 2025 ynlevere wurde en dy nimt de slachterij dus ek oan. De hûndertsjes mei Michiel de Ruyter derop dan wer net.

"Dy binne miskien foar in samler noch ynteressant, mar wy kinne der neat mei by de bank, omdat dy biljetten al yn 1986 ferfongen binne troch biljetten mei it waarlamke. En letter mei de stienûle derop."

25 miljoen biljetten 'kwyt'

Hoekstra tinkt dat in soad minsken harren biljetten ynleverje sille. "De Nederlandsche Bank skat dat der op dit stuit noch 25 miljoen âlde biljetten ûnder matrassen, achter plinten of yn ferswierre klûzen ferstoppe sitte. Der sille genôch Ljouwerters wêze dy't noch wat briefkes lizzen hawwe en der neat mei dogge."

Yn it midde de âlde gûnebiljetten - Foto: ANP

De gûnebiljetten binne op himsels neat mear wurdich. Miskien wol as it giet om in nagelnij biljet, sûnder tearen of skuorkes, of in hiel âld eksimplaar mei in bepaald searjenûmer. "By my krijst de wearde, omrekkene yn euro's werom, by oanskaf fan fleisprodukten yn de winkel. Mar de briefkes moatte der wol goed útsjen, sûnder grutte tearen of stikken derôf", seit Hoekstra.

Munten

Nederlânske gûnemunten nimt Hoekstra net oan. "Dy munten kinne sûnt 2006 net mear by de Nederlandsche Bank ynlevere wurde. Dy binne wol ynteressant foar samlers, dy brûke se foar âlde automaten."

(advertinsje)
(advertinsje)