Lêste dielnimmers Fytsalvestêdetocht fan dyk helle fanwegen tonger

10 jun 2019 - 22:23

De lêste fytsers dy't noch ûnderweis wiene nei Boalsert foar de Fytsalvestêdetocht, binne fan de dyk helle. Reden foar dat beslút is it minne waar mei tonger. It giet om sa'n fjirtich fytsers, tinkt Stephan Rekker, foarsitter fan de organisaasje. It is foar it earst yn de histoarje dat de organisaasje sa'n beslút nimt.

Foto: CAMJO media / Stefan Postema

De lêste fytsers wiene tusken Hylpen en Warkum. "Op ferskate plakken fan de rûte wie sa'n tonger, dat we it net mear ferantwurde fûnen", seit Rekker. "En dat fûnen de minsken sels ek net."

"Der binne no noch in pear fytsers op de dyk, tusken Tsjerkwert en Boalsert. Dat is sa'n fjouwer kilometer. Dy ôfstân fine we noch wol ferantwurde, dat sy komme op de fyts nei Boalsert."

Dit is noch nea earder bard.

Stephan Rekker, foarsitter fan de organisaasje

"Dit is noch nea earder bard", seit Rekker. "It kalamiteiteplan pakt no goed út. We hiene it leaver oars sjoen mei better waar, mar it is sa. De feilichheid giet boppe alles."

De minsken dy't fan de dyk helle binne, binne net ûnderkuolle, seit Rekker. "Mar se ha it wol kâld. Se wurde ynpakt en yn Boalsert krûpe we se wol wer waarm."

Stephan Rekker

"It koe net mear"

"We binne mei man en macht dwaande om se fan de dyk te heljen", seit Ane Norder. Hy is âld-foarsitter fan de Fytsalvestêdetocht en sit dizze edysje yn ien fan de biezemweinen. "En yn Warkum wurdt elkenien opfongen. Ik bin no sels ûnderweis om de minsken yn Boalsert ôf te leverjen. Ik ha trije minsken yn de auto. Se binne teloarsteld, mar it koe net mear."

It beslút foel doe't der tonger wie. "By Laaksum foel it noch ta en yn oerlis mei de fytsers binne we noch trochgien. Mar by Hylpen wie it in stik minder."

Hoefolle fytsers oft krekt ûnderweis binne, kin Norder net sizze. "Mar it binne der nochal wat. Ik ha dit noch nea meimakke."

Ane Norder

Omrop Fryslân-ferslachjouwer Froukje Sijtsma wie yn de buert fan de lêste fytsers. "Minsken ha wol respekt foar it beslút fan de organisaasje", fernimt se. "Se binne ek echt wurch, sjoch ik. Yntusken wurde op ferskate plakken tusken Warkum en Boalsert de buorden opromme."

De frou dy't ferline jier as lêste oer de finish kaam, wie no ek noch op 'en paad. Dit jier hat se it dus net rêden. "Ik fûn it ek wol wat spannend", seit se. "Spitich, mar ik gean no graach mei de lúkse touringcar nei Boalsert en dan nei hûs."

(advertinsje)
(advertinsje)