De Fytsalvestêdetocht as tarieding op de Mont Ventoux en foar orgaandonoaren

In opfallende groep yn rôze shirts kaam moandei oan yn Boalsert oan de ein fan de Fytsalvestêdetocht. En mei op de efterkant fan de shirts: 'Orgaandonor'. "We wolle omtinken freegje foar it donorskap", seit Albert.
Donoaren
"En we wolle minsken sjen litte wat allegear wer mooglik is nei in transplantaasje. It is belangryk dat minsken by libben neitinke oer it donorskap. En ek dat dyn neisten witte watst wolst ast stjerst."

Op eigen nivo yn beweging bliuwe

Albert en syn fytsmaat Erik ha beide levertransplantaasje hân. "Mensen sporten in het algemeen te weinig", seit Erik. "En als mensen een nieuw orgaan hebben, dan gaan ze zuinig zijn en op de bank zitten. En wij zijn ervan overtuigd dat iedereen, hoe oud ook, op z'n eigen niveau in beweging moet blijven. Dat zijn heel mooie processen. Want je ziet iemand heel onzeker op de fiets stappen, maar op een gegeven moment krijgen ze weer vertrouwen."
Wês bliid datst yn de wyn fytse kinst.
Albert
Nei syn transplantaasje fytste Albert dizze moandei de Alvestêdetocht foar de fjirde kear. "It is gewoan bysûnder. Earst lei ik op bank of op bêd. Mar no sis ik: wês bliid datst yn de wyn fytse kinst. Ik besykje sunich op myn lever te wêzen, ik drink net bygelyks. En sport is gewoan hiel goed."
De manlju fytse de Alvestêdetocht as tarieding op de Mont Ventoux. Al sil dat noch in stik pittiger wurde. "Maar het komt goed", seit Albert. "We nemen nu anderhalve week rust en dan komen we die berg wel op. Voor ons is het iets minder spannend, maar voor zwakkere fietsers is het heel mooi. Zij maken zulke grote vorderingen."