Min waar needsaket Fytsalvestêdetocht om touringcar yn te setten as biezemwein

De organisaasje fan de Fytsalvestêdetocht set dizze jûn foars mear biezemweinen yn, om goed soargje te kinnen foar de lêste fytsers dy't it dreech ha. De organisaasje is ta it beslút kaam nei oerlis mei waarman Piet Paulusma, it Reade Krús en it team feilichheid.
© CAMJO media / Stefan Postema
Paulusma warskôget foar twa linen mei buien dêr't de fytsers noch lest fan krije. "Der komt no in buiegebiet fan de Iselmar op ús provinsje ôf. De fytsers yn it súdwesten ha dêr aanst mei te krijen. Dêrnei, om in oere as 22.00 of 23.00, komt der noch in bui. Dêr sit ek tonger yn."

Touringcar

"We wreidzje de biezemweinkapasiteit foars út", seit Stephan Rekker, de foarsitter fan de Fytsalvestêdetocht. "We sette foar it earste ek in touringcar yn. Der binne noch in protte fytsers ûnderweis. Dy ha lêst fan min waar en útputting."
Njonken de touringcar foar 90 persoanen set de organisaasjes fiif gewoane biezemweinen en trije weinen fan it Reade Krús yn. "Ha we noch mear soargen, dan skale we fierder op", seit Rekker. Hy kin net krekt sizze hoefolle fytsers oft noch ûnderweis binne.