Easterlittens wint foar it earst de Bûnspartij

10 jun 2019 - 19:09

Easterlittens hat moandei foar it earst yn de skiednis de Bûnspartij wûn. Simon Zijlstra, Pier Piersma, Erwin Zijlstra wiene yn de finale fan de 115e Bûnspartij mei 5-4 en 6-0 te sterk foar It Hearrenfean, besteande út Jelte-Pieter Dijkstra, Menno van Zwieten, Sybren Visser. De tredde priis is foar Moarre-Ljussens, mei Auke Boomsma, Gerben Hein Wijtsma en Jelle Jaap Stiemsma.

Yn de finale naam It Hearrenfean - dat de Bûnspartij ek noch nea wûn hat - al rap in foarsprong fan in spul, mar dêrnei kaam Easterlittens werom oant 2-2 troch opslachmissers fan Menno van Zwieten. Erwin Zijlstra besoarge syn partoer de foarsprong en mei in boppeslach fan Pier Piersma waard it sels 4-2.

Easterlittens makke lykwols gjin dien wurk. Mei in sitbal fan Menno van Zwieten waard it 4-3 en nei in opslachmisser fan Simon Zijlstra wie it wer hielendal gelyk: 4-4. Dêrnei helle Easterlittens dochs de oerwinning binnen, troch yn de lêste twa earsten gjin punt mear ôf te stean. "Hjir wie ik fan 'e moarn net fan útgong, doe't ik it bêd útstapte", sei Erwin Zijlstra direkt nei de finale. Hy en Simon promovearren snein mei de fuotbalklup Easterlittens ek al nei de 3e klasse. "In hiel moai wykein."

"De earste twa earsten gongen hiel rap", sjocht Erwin Zijlstra werom op de finale. "We hiene wat foutsjes oan de opslach. Mar de lêste twa earsten pakten we it wer goed op." Hy wist net dat it de earste kear wie dat Easterlittens de Bûnspartij wûn: "Dus dit is hiel moai."

"Dizze telt echt"

Pier Piersma (39) stie yn 2011 alris mei Easterlittens yn de finale, mar doe ferlearen se fan Minnertsgea. "Dêrom is it moai dat it no ris slagget", sei Piersma nei de finale. "It Hearrenfean sloech de hiele dei al goed op. Dêr moatte je fet op krije. We moasten eins direkt trochsteame nei 5-2. Dat slagge net, mar je moatte de kop derby hâlde. Dizze telt echt."

"Ik fersaakje yn it perk"

Menno van Zwieten, in frijeformaasjemaat fan Erwin Zijlstra, sjocht úteinlik tefreden werom op in swiere dei. "De fuotsjes rûnen wat fol, de earmkes wat fol, de bealch wurdt dreech. Dan hast net mear safolle oer. Oan it begjin hie ik noch genôch enerzjy, mar dat rint fuort."

"Ik fersaakje yn it perk", seit Van Zwieten oer de finale. "Dêr ferlieze we 'm op. Se skeaten my earst lekker út de hân. Mar om dat trije of fjouwer earsten op rige te dwaan, dat slagge net."

Reaksjes fan ferskate finalisten

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Rûte nei de finale

Easterlittens begûn de dei mei in oerwinning op Grou (5-3 5-0). Dêrnei stiene se gjin buordsje ôf oan Arum (5-0 6-4) en yn de tredde omloop waard it 5-2 6-2 tsjin Easterein. In omloop letter moast Frjentsjer der nei in spannende partij oan leauwe: 5-5 6-2. Dêrmei is dit jier ek de kâns fan Allard Hoekstra op it klaverke fjouwer fersjoen. Yn de fyfde omloop wûn Easterlittens úteinlik mei 5-2 6-6 fan Dronryp 1. Dêrmei wie Easterlittens wis fan de finale, want yn de heale finale hiene Piersma en de bruorren Zijlstra in steand nûmer.

(advertinsje)