Jild fuotbalklups foar dûbel glês

10 nov 2011 - 20:08

Fjouwer fuotbalklups yn Kollumerlân krije subsydzje fan de gemeente foar maatregels om it enerzjyferbrûk nei ûnderen te bringen. Dêrtroch binne klups yn de takomst folle minder kwyt oan enerzjykosten. Eltse fuotbalferiening kin maksimaal 7500 euro krije foar bygelyks in enerzjyfreonlike boiler of dûbel glês yn de kantine. De start fan it miljeuprojekt by de fuotbalklups is takom sneon op it fjild fan de Friese Boys yn Kollumersweach.

Trefwurden: 
subsydzje
(advertinsje)