Lanlike pinsteuring treft ek Fryske winkels

10 jun 2019 - 17:59

In grutte lanlike pinsteuring, dy't moandeitemiddei om fjouwer oere hinne begûn, treft ek winkels yn Fryslân. It giet foaral om supermerken fan Albert Heijn. Dêrtroch steane lange rigen by de kassa.

Foto: De Vries Media

Minsken moatte kontant ôfrekkenje. Dat soarget yn guon winkels foar safolle problemen, dat se sletten binne. It is drok yn de measte supermerken. Minsken dogge in soad boadskippen, neidat de winkels snein ticht wiene op Earste Pinksterdei.

Trefwurden: 
Albert Heijn pinsteuring
(Advertinsje)
(Advertinsje)