Van Gent baalt fan Kallemooi-kommoasje: "Het gaat goed met de haan"

10 jun 2019 - 17:57

Boargemaster Ineke van Gent baalt fan de kommoasje om it Kallemooifeest op Skiermûntseach hinne. Ek fynt se dat de diere-organisaasjes dy't tsjin de tradysje binne, ûnwierheden fertelle. Dat seit se tsjin RTV Noord.

Foto: RTV Noord, Jeroen Berkenbosch

Mei it Kallemooifeest sit in hoanne trije dagen lang yn in koer yn in mêst op achttjin meter hichte. Fiif diere-organisaasjes, wêrûnder ek it komitee Dierennoodhulp, fine dat dieremishanneling en ha dêrom oanjefte dien tsjin de Kallemooikommisje, de eigener fan de hoanne en de boargemaster fan Skiermûntseach.

Dêrnjonken fine se dat bern oanset wurde ta stellerij. Underdiel fan de tradysje is nammentlik dat jongerein de hoanne stelle moatte fan in boer.

Unwierheden

"Sinds vorig jaar wordt de haan niet meer gestolen en niemand zet kinderen aan tot diefstal zoals deze dierenorganisaties beweren. De haan wordt rustig overgedragen en naar de mand gebracht. De eigenaar stelt de haan beschikbaar", fertelt boargemaster Ineke van Gent. "Ik vind het niet fijn dat er dingen de wereld in worden gebracht die niet kloppen."

Oerdriuwe

Boppedat giet it neffens Van Gent goed mei de hoanne. Se fynt dat de diere-organisaasjes 'oerdriuwe' en dat sy har enerzjy mar op oare saken rjochtsje moatte wêrby't sprake is fan diereleed. "Dat is hier niet het geval", seit Van Gent. "Het gaat heel goed met de haan. Vanmiddag heb ik dat nog met een dierenarts gecontroleerd. Het dier is nog springlevend en vermaakt zich prima en heeft genoeg eten en drinken."

Moandeitejûn sil Van Gent wer sjen hoe't it mei de hoanne is. Mei in webcam kinne se it bist boppedat yn de gaten hâlde.

Se seit ek dat de kwestje enerzjy freget fan de amtlike organisaasje, wylst se dy tiid leaver brûke foar oare saken, lykas de ôfwikkeling fan de kontenerramp.

'Gjin diereleed'

Oer de oanjefte dy't tsjin har dien is, is Van Gent koart: "Het staat iedereen vrij om aangifte te doen. Ik zie de afwikkeling met vertrouwen tegemoet, want er is absoluut geen sprake van dierenleed." Ek wiist se derop dat de rjochter en de Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit de tradysje goedkard hawwe.

Tiisdei wurdt de hoanne wer út de koer helle.

(advertinsje)
(advertinsje)