Keninklike famylje genietet fan sylfakânsje op it Fryske wetter

10 jun 2019 - 17:30

De keninklike famylje hat dit pinksterwykein oan it silen west yn Fryslân. Kening Willem-Alexander, keninginne Máxima en harren trije dochters binne op de Lemster aak de Groene Draeck sjoen by Hylpen en Koudum.

Foto: ANP / Koen van Weel

Prinses Beatrix krige de Groene Draeck yn 1956 foar har achttjinde jierdei.

Sneon brocht de keninklike famylje al in priveebesite oan it Eise Eisinga Planetarium yn Frjentsjer. Pinkstersnein op de neimiddei kaam de Groene Draeck oan yn de haven fan Hylpen. Pinkstermoandei gie de keninklike famylje op priveebesite by bedriuw Roosje dêr't meubels op syn Hylpersk beskildere wurde. Dat bedriuw bestiet sûnt 1894. Al yn 1892 bestelde keninginne Emma Hylperske meubels by in foarfaar fan de eigener fan no. Yn 1938 krige prinses Beatrx in Hylper stylkeamer kado. Wilhemina hat ek Hylper meubels besteld foar paleis Het Loo.

(Advertinsje)
(Advertinsje)