Mûzerike maitiid pakt goed út foar greidefûgels

10 jun 2019 - 17:29

It liket in relatyf goeie maitiid te wurden foar de greidefûgels. Relatyf, omdat der ek noch wol gebieten binne dêr't it al minder giet en ek net alle soarten dogge it goed. Mar al mei al liket it net ferkeard en dat mei tank oan de mûzen.

Omdat it in goed mûzejier is, binne in soad rôfbisten foaral drok mei it opiten fan dy mûzen. En dat betsjut yn 'e regel dat der minder fûgelpykjes opfretten wurde. Al is dat net foar elk gebiet itselde. En der binne ek rôfbisten dy't safolle ûnderfining ha mei it finen fan nêsten dat sy dêr ek mei trochgean as der oar fretten beskikber is.

2014

Yn greidefûgelreservaat Skrok by Easterein sjocht boskwachter Sander Veenstra fan Natuurmonumenten dizze maitiid in soad skriezen mei jonge fûgels. Guon kinne al fleane, mar der binne der ek dy't no noch út it aai krûpe. De earste nêsten waarden al betiid fûn, mar trochdat it dêrnei lang hiel drûch wie, hat in part fan de fûgels it lizzen fan aaien wat útsteld.

Boskwachter Sander Veenstra fan Natuurmonumenten - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

Ek de tsjirken lykje it goed te dwaan. Dat jildt net foar de ljippen. It liket der op dat sy it measte te lijen hienen fan de drûchte. It is net ûngewoan dat in goed jier foar mûzen ek in goed jier foar greidefûgels wurdt.

Itselde barde ek yn 2014, mar om't der in jier letter ekstra rôfbisten grut wurden wienen en net genôch mûzen pakte dat yn 2015 min út foar de greidefûgels. Dat soe no ek wer barre kinne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)