Henk Angenent oer Fytsalvestêdetocht: "Het is en blijft een klere-end"

10 jun 2019 - 17:05

Alvestêdewinner Henk Angenent fytst moandei foar de fiifde kear de Fytsalvestêdetocht. Hy waard fiif jier lyn oerhelle troch ûnder oare Syb van der Ploeg. Hy tocht dat hy ien kear fytse soe, om fan it geseur ôf te wêzen, mar dat pakte hiel oars út. Foar Angenent wurdt it no in jierlikse tradysje. Wa't tinkt dat de tocht foar in sportman as Angenent in 'makkie' is, hat it mis: "Het is en blijft een klere-end."

Mar wol in 'klere-end' dêr't Angenent (51 jier) alle jierren fan genietet: "Ik ben weer topfit en het is leuk om te doen, dus ik plan 'm ieder jaar in. En het is een mooi doel om ieder jaar fit te zijn. Dat is op leeftijd steeds lastiger, dus dit is een mooie stok achter de deur."

Mar as de winner fan Alvestêdetocht op iis yn 1997 kieze moat tusken de tocht op redens of op de fyts, dan wit er it wol: "Doe mij het ijs maar. Al geniet ik van deze dag meer, omdat het in 1997 een wedstrijd was."

Graach nochris as toerrider op iis

It leafst soe er de Alvestêdetocht op iis nochris as toerrider dwaan: "Dat zou de mooiste sportdag van m'n leven zijn. Want 1997 was heel mooi, maar genieten als toerrijder is echt fantastisch. In '97 was ik echt met de wedstrijd bezig en daarna is er veel over me heen gekomen, daar geniet ik nog elke dag van. Maar als toerrijder doe je er 12, 13 of 14 uur over, dat is echt genieten. Dan zie je Fryslân van een andere kant. En dat is anders dan in '97, toen was ik met andere dingen bezig."

(advertinsje)
(advertinsje)