Fjirtjin SKS-skûtsjes kommende wiken metten

10 jun 2019 - 16:38

Fan tiisdei 11 juny ôf wurde alle fjirtjin skûtsjes fan de SKS metten, woegen en ynscand. De gegevens wurde dan ynfierd yn de saneamde seilformule.

It skûtsje fan Ljouwert - Foto: SKS

Alle fjirtjin skûtsjes binne net like grut, en dat wurdt kompensearre troch se mear of minder seiloerflak te jaan. It gewicht bepaalt dus hoe grut oft it seil wêze mei. De seilformule wurdt al fan 2016 ôf brûkt, mar moat ferbettere wurde.

De gegevens moatte ek sa aktueel mooglik wêze. De skûtsjes wurde dêrom op 'e nij ûndersocht, en dat bart op skipswerf Ten Woude yn Drylts. As earste is it skûtsje fan Huzum oan bar. De lêste mjittingen binne op 26 juny.

(advertinsje)
(advertinsje)