Alde twaspan by Snits yn de brân by Motoralvestêdetocht

10 jun 2019 - 16:01

Pinkstermoandei is in dei fan tradysjes, dus net inkeld de fytsers, mar ek de motors en de soleksen hâlde har alvestêdetocht. De start fan de motoralvestêdetocht wie by it WTC yn Ljouwert om kertier foar sânen. Der binne minder dielnimmers as oars: "De regen schrikt sommige mensen af", seit Marjilde Wittekoek, foarsitter fan de Friesche Motorclub.

Dejingen dy't wol meidogge, komme letter oan de finish as oars. Wittekoek: "Ik vermoed dat er redelijk wat deelnemers later zijn begonnen door het slechte weer. En toen het weer beter werd, zijn deelnemers vermoedelijk wat langer blijven zitten op de terrasjes."

Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Oan it begjin fan de middei kamen der berjochten dat in dielnimmer fan de Motoralvestêdetocht ferwûne rekke wy by in ûngelok yn Harns. "Ik hoorde dat via-via ook", seit Wittekoek. "Van de politie zelf heb ik nog niets gehoord, dus ik weet niet of het een van onze deelnemers is of een andere motorrijder."

Twaspan yn de brân

Fierders ferrint de dei sûnder grutte problemen: "Het enige wat ik gehoord en gezien heb was een zijspan die onderweg hiernaartoe in brand is gevlogen", seit Wittekoek. "Die deelnemers kwamen een nieuwe stempelkaart halen, want die was verbrand. Gelukkig is er niemand gewond geraakt. Het gebeurde in de buurt van Sneek, heb ik begrepen. De zijspan was een oldtimer, die doet het niet meer."

Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Hoefolle dielnimmers oan de Motoralvestêdetocht oft der krekt binne dit jier, wit Wittekoek noch net. It maksimum is 3.600 dielnimmers. "Maar van de boekjes die we 's ochtends bij de start uitdelen, zijn er meer overgebleven. Dus er zijn meer mensen afgehaakt dan normaal."

Ek de soleksen en brommers binne noch ûnderweis. "Die hebben een lange rit en een lange dag", seit Wittekoek. "Die verwachten we rond een uur of 6 terug.

Marjilde Wittekoek fan de Friesche Motorclub

(advertinsje)
(advertinsje)