PvdA ûngerêst oer opromjen fan MSC Zoe-ôffal

De Partij van de Arbeid seit ûngerêst te wêzen oer de fertraging by it opromjen fan de kontenerrommel fan de MSC Zoe. Rykswettersteat hat de oanpak fan it opromjen feroare. It plan is om earst kontrôleûndersyk te dwaan, en dan op basis fan dy gegevens bergingsskippen yn te setten.
© Omrop Fryslân, Remco de Vries
Natoerorganisaasjes en eilanners meitsje har soargen oer wat der noch yn 'e Noardsee en tichtby de eilannen leit. It waadgebiet is kwetsber en heart by it UNESCO-wrâlderfgoed.
De Partij van de Arbeid makket him ek soargen, omdat de wyn en it tij ynfloed hawwe. In soad ôffal rekket dêrtroch ûnder it sân of wurdt troch de streaming fuortbrocht.
De PvdA wol witte wat it provinsjebestjoer fynt fan de feroarjende oanpak fan Rykswettersteat. Fierders wol de partij iepenheid yn de frachtlisten fan de MSC Zoe, omdat no ek net krekt bekend is watfoar ôffal der noch yn see leit.
Oer de klachten fan fiskers dat se troch de skea-ekspert fan rederij MSC Zoe frege binne om ôf te sjen fan skeaclaims, wol de PvdA opheldering. De partij freget de provinsje Fryslân oft dy opkomme kin foar de belangen fan de fiskers.
PvdA-steatelid Jaap Stalenburg oer MSC Zoe
De MSC Zoe is ien fan de grutste kontenerskippen fan de wrâld. Yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris ferlear it hûnderten konteners boppe de Waadeilannen. Mear nijs dêroer is te finen op ús dossierside.