KNMI: opnij koade giel, fan 20.00 oere ôf yn Fryslân

10 jun 2019 - 13:53

It KNMI hat opnij koade giel ôfkundige, dit kear foar tongerbuien. Dy wurde yn Fryslân moandeitejûn ferwachte tusken acht oere jûns en ien oere nachts.

Tonger op De Lemmer - Foto: CAMJO media / Stefan Postema

Nei tonger kin der yn de buien ek wynstjitten en hagel sitte. Koade giel jildt trouwens foar it hiele lân, yn it suden al fan ôf twa oere. De rest fan de provinsjes folgje yn de rin fan de middei en de jûn.

Trefwurden: 
koade giel KNMI
(Advertinsje)
(Advertinsje)