Ald-foarsitter Ane Norder op de biezemwein: "We binne sosjale wurkers"

10 jun 2019 - 13:43

Ane Norder wie jierrenlang ferbûn oan de Fytsalvestêdetocht. Mar leafst achttjin jier wie er foarsitter en no is er al in pear jier dwaande op de biezemwein. "We ha in drokke dei hân oant no ta."

Argyffoto - Foto: Omrop Fryslân

"We ha fanmoarn wat minsken ophelle yn Sint-Anne, en yn Ljouwert en Arum. Dy minsken ha we nei de auto brocht yn Boalsert. No binne we op wei nei Dokkum om achter de lêste fytsers oan te riden. It is drokker as oars en dat komt troch it minne waar oan it begjin fan de dei. Dêrtroch wienen der in soad lekke bannen. Ek minsken dy't net traind oan de tocht begjinne, ha we ophelle. En dy binne dan o sa bliid. We binne in soarte fan sosjaal wurker en sizze dat it spitich is dat se ophâlde moatte mar dat it ferstannich is dat se ophâlden binne. Se krije wat te iten en dan is it wer klear."

De jierren nei syn ôfskied foldienen him sa min dat er dochs wer by de organisaasje belutsen is. "Ik foel yn in gat. Ik wie in kear mei fakânsje, mar wie mei de holle hieltyd by it fytsen. Doe bin ik nei de organisaasje stapt mei it idee om in twadde biezemwein op te setten. Dat is hiel nuttich en ik fiel my der bot op myn plak. Je moatte gewoan noait ophâlde."

Ane Norder

(Advertinsje)
(Advertinsje)