Dielnimmer motoralvestêdetocht rekket ferwûne troch ûngelok

10 jun 2019 - 13:17

Ien fan de dielnimmers oan de motoralvestêdetocht is ferwûne rekke by in ûngelok yn Harns. Dat wie op de krusing fan de Achlumerdijk mei de Kimswerderweg.

Foto: CAMJO media/Stefan Postema

Hoe't it ûngelok barre koe, is net bekend, wol is dúdlik dat der gjin oare motors of auto's by belutsen wiene. De motorrider is mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs.

(advertinsje)