Diere-organisaasjes dogge oanjefte tsjin boargemaster Skier fanwege Kallemooi-hoanne

10 jun 2019 - 12:04

Diere-organisaasjes hawwe oanjefte dien tsjin boargemaster Ineke van Gent fan Skiermûntseach. De organisaasjes fine dat Van Gent gjin tastimming jaan mocht hie foar it Kallemooifeest. Dêrby sit trije dagen lang in hoanne yn in koer yn in 18 meter hege mêst.

Neffens de diere-organisaasjes is dat in tradysje dy't net mear fan dizze tiid is, se fine dat der sprake is fan dieremishanneling. Earder oardiele de rjochtbank dat dat net sa is, de diere-organisaasjes lizze dat beslút noch foar oan de Raad van State.

Sneon fregen de diere-organisaasje de Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit ek op te treden tsjin it Kallemooifeest.

De koer mei de hoanne - Foto: RTV Noord, Jeroen Berkenbosch
(advertinsje)
(advertinsje)