100 Soleksen en brommers ûnderweis foar alvestêdetocht

10 jun 2019 - 12:02

De start fan de soleksen en brommers rûn pinkstermoandei troch it wiete waar wat fertraging op. Soleksen kinne dêr net sa goed oer, sa sei Dominicus Hettinga fan de organisaasje. Underwilens is it waar opknapt en rinne de soleksen en brommers wer wat tiid yn.

Op de soleks - Foto: ANP

Sa'n 60 soleksen en 40 brommers ride dizze moandei as ûnderdiel fan de motoralvestêdetocht troch Fryslân. De rûte is krekt oarsom oan dy fan de Fytsalvestêdetocht. Krekt nei alven leine se in kertier achter op skema. De oarsaak wie it wiete waar by de start. Underwilens binne de learen jassen fan de soleksriders wer wat opdrûge en ferrint de tocht hiel goed.

It kertier achterstân moat ynrûn wurde troch it skoft wat koarter te hâlden, seit Dominicus Hettinga.

Dominicus Hettinga oer de soleksen en brommers

(advertinsje)
(advertinsje)