Ferkear kin wer oer de brêge by Skûlenboarch

10 jun 2019 - 11:36

Ferkear kin wer oer de brêge by Skûlenboarch. Snein woe de brêge in skoftlang net ticht, dat betsjutte dat der sa'n fiif kilometer omriden wurde moast.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

It wie net de earste kear dat de brêge net ticht woe, de ôfrûne wiken wie der faker in steuring. Wat der krekt mei de brêge oan 'e hân is, is net dúdlik.

Foar de skipfeart ha de steuringen gjin gefolgen.

Trefwurden: 
brêge Skûlenboarch
(Advertinsje)
(Advertinsje)