Frijwilliger Johannes Visser is 'besmet' mei it Alvestêdetochtfirus

10 jun 2019 - 11:23

De Fytsalvestêdetocht kin net sûnder frijwilligers. Stimpelje, ferkear begeliede, blierren trochprikke, pleisters plakke, bananen útdiele... it binne mar in pear taken fan de ûnmisbere frijwilliger. Johannes Visser en syn frou Hilda binne al jierren fan de partij.

Foto: Johannes Visser

Johannes Visser is al mear as fjirtich jier belutsen by de tocht. "It giet geweldich goed hjir yn Snits." Hy rekke besmet mei it firus nei't er dy sels ek fytst hie. "Dan sitst by in klup en sa bin ik der wat yn rûgele. Ik wie al frijwilliger en doe ha ik myn frou Hilda ek meisleept. We stienen earder yn Holwert, doe yn Boalsert en yn Starum. Doe kaam der in post frij yn Snits, en bin ik rayonhaad wurden en myn frou docht de stimpelpost." Hy is dwaande mei syn opfolger. "Myn frou hat al in opfolger, ús dochter."

It is in famyljebarren, want de soan sit yn it bestjoer. "Ek de kâlde kant is dermei besmet. It is hartstikke moai en ik doch it mei plezier."

(Advertinsje)
(Advertinsje)