Para-amazône Rixt van der Horst docht goeie saken yn opmaat nei it Europeesk kampioenskip

10 jun 2019 - 10:38

Para-amazône Rixt van der Horst fan Grou hat dit wykein goeie resultaten helle op dressuerwedstriden yn it Limburchske Kronenberg.

Foto: webside Rixt van der Horst

Rixt van der Horst krige meardere kearen fan de sjuery de measte punten foar har kuer en einige dêrmei as earste yn it einklassemint fan de klasse Grande III. Dat selde plak helle se ek mei Nederlânske team by de lannewedstriid.

De wedstriden yn Kronenberg binne in opmaat nei it Europeesk kampioenskip dat yn augustus yn Rotterdam hâlden wurdt. Bûnscoach Joyce Heuitink moat dêrfoar noch in definitive seleksje kieze. Dêryn is romte foar fjouwer ruters. Neffens de bûnscoach wurdt it in drege kar, omdat der meardere goed prestearjende ruters yn de foarseleksje sitte.

(Advertinsje)
(Advertinsje)