Motorrider ferwûne troch ûngelok op ôfrit A7

10 jun 2019 - 09:26

Op de A7 by Drachten is moandeitemoarn betiid in motorrider ferwûne rekke. De man foel troch ûnbekende oarsaak yn in bocht fan de ôfrit fan de A7 nei de N31.

Foto: Srfotografie

De motorrider is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht, neidat er op it plak sels troch ambulânsepersoniel neisjoen wie.

Fanwegen it ûngelok moast in skoftke lang stadich riden wurde by de ôfrit, mar nei't ek de motor fuorthelle wie, koe dat wer ynlutsen wurde.

Trefwurden: 
Drachten ûngelok A7 motorrider
(advertinsje)