Rayonhaad Harry Hateboer nimt nei 30 jier ôfskied fan de Fytsalvestêdetocht

10 jun 2019 - 09:21

Harry Hateboer hat tritich jier rayonhaad west yn Harns by de Fytsalvestêdetocht. Dit jier docht er it foar it lêst. Hy is 58 jier.

"Eins ha ik it al fyftich jier dien. As jonkje fan acht jier holp ik al mei mei ús heit, dy't rayonhaad wie. Ik mocht stimpelje. Doe wienen der folle minder fytsers. Dat is no wol wat oars. We moatte in hiel soad regelje. It stimpelplak, de EHBO, ferkearsregelers foar gefaarlike punten. Earder die de plysje dat mar dat is fuortbesunige."

Wat is der no sa moai oan?

"De gesellichheid. Om healwei seizen komme de earste fytsers, en dan stiet it publyk der ek al. It libbet wol. De saamhorigheid fyn ik it moaiste, we meitsje der mei syn allen wat moais fan."

Hy hat goede opfolgers en tinkt net dat er it misse sil. "We meitsje der in moai feestje fan. As it hjir klear is, sitte we noch even nei yn it kafee mei kofje en oranjekoeke. Dan betankje we elkenien foar de ynset en kinne minsken har ferhalen kwyt en diele. Dizze kear sitte we tink ik wat langer."

Sels hat Hateboer de tocht noch noait fytst. Miskien dat dat der no fan komt? "Dat stiet noch op myn bucketlist."

Foto: Omrop Fryslân, Lennie Bronsveld
(advertinsje)
(advertinsje)