Boargemaster De Vries by start Alvestêdetocht: "Minsken ha der sa'n sin oan"

10 jun 2019 - 08:35

De start fan de Fytsalvestêdetocht yn Boalsert wie dizze moandei eksakt om 5.00 oere. Boargemaster Jannewietske de Vries fan Súdwest Fryslân skeat de earste groep fuort. It wie foar har de earste kear dat se dit dwaan mocht. "It is in geweldich moai evenemint, fielst de spanning by de fytsers. Minsken ha der sa'n sin oan. It is in prachtige sfear."

Foto: Henk Bootsma

Se priizget de organisaasje en hat der alle betrouwen yn. "De organisaasje is yn goede hannen. Der binne in soad frijwilligers, wol 800 minsken helpe mei. Dat dat elk jier wer kin, hiel moai om te sjen."

Maarten van der Weijden wie ek by start. Hy fûn it moai om der by te wêzen. "Dit is wel echt het elfstedengevoel."

Drege tocht

Om kertier oer achten is de lêste groep fytsers fuortgien. Foarsitter Stephan Rekker is tefreden oer de start. "It is goed ferrûn, alles gie moai achter elkoar troch sûnder tiidsferlies." Oft der noch minsken thúsbleaun binne fanwege it minne waar, koe er noch net sizze. "We hâlde it waar fansels goed yn de gaten en besjogge it elk oere. As it nedich is, kinne we de biezemwein opskale. It wurdt wol in drege tocht dit jier, de wyn is aardich krêftich. We hoopje op it bêste."

De fytsers wienen ferrifele troch it reinwetter, want op Buienradar like it drûch te wêzen. By de dielnimmers sitte ek Dútsers en Belgen. Guon wienen senuwachtich foar de start, fûnen it spannend, mar hienen der ek sin oan.

Geartsje de Vries wie by de start yn Boalsert

Folgje alles oer de Fytsalvestêdetocht yn ús liveblog.

(advertinsje)
(advertinsje)