Kollum: "Fight, flight, freeze"

10 jun 2019 - 08:21

"By ús thús is de âldste gek op skiednis en dan benammen de Twadde Wrâldoarloch. Hoe't in famke fan tsien jier fassinearre wêze kin troch in oarloch; ik wit it net, mar se wit alles oer Anne Frank, Hitler en de Amerikanen. Lêstendeis hiene wy it by de iterstafel oer NSB'ers - of USB'ers, sa't sy se neamt. Dat krijst as game-generaasje, dan ferdigitalisearrest graach in bytsje. Se hie gjin goed wurd oer foar NSB'ers. Dy wiene yn har eagen hast noch slimmer as de Dútsers.

Nynke van der Zee - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Nynke van der Zee

Doe't ik besocht út te lizzen dat it yn oarlochstiid net altyd sa ienfâldich is om oan de goeie kant te stean, seach se my mei grutte eagen oan. "Soe Nynke dan ek ûnderdûkers by de Dútsers oanjaan, sadat dy se deasjitte kinne?" frege se my skerp. Ik skodde fansels fan nee, mar tagelyk betwivelje ik oft ik wol sa'n held wêze soe yn de oarloch.

Ik bin in suertsje by de boadskippen. Sawiesa net geskikt foar it ferset en al hielendal net foar dy geheime aksjes. As it der op oankomt, skyt ik sân kleuren. 'Fight, flight or freeze' neame se dat. Dat binne de trije minsklike reaksjes, dy't fan natuere yn dy sitte. By 'fight' giest de striid oan. By 'flight' makkest dy út de fuotten. En by 'freeze' dochst hielendal neat. Ik tocht altyd dat ik dy lêste wêze soe.

Ik ha jim foarige wike ferteld oer ús fakânsje op in bleatekontekamping. Dêr wiene wy dus ôfrûne wykein. Freedtejûn sieten wy hearlik yn 'e sauna en soenen wy om in oere as healwei tsienen noch in ferkuoljende dûk yn it swimbad nimme. Doe't we oan de kant fan it bad stiene, seagen wy in man op 'e boaiem lizzen. "Is soks normaal", seine wy tsjin inoar. Hast soms fan dy minsken dy't it hearlik fine om in hiel skoft sûnder adem ûnder wetter te wêzen. Mar dit duorre wol hiel lang.

In oare badgast yn it swimbad hie neat yn 'e gaten, oant wy him rôpen. Doe't er de man ûnder wetter oanrekke, barde der neat. Sûnder ek mar te twiveljen hipte ien fan ús it swimbad yn, wylst ik om help raasde. Ik ha leau ik noch nea sa hurd raasd. Yn it Frysk, mar se snapten dêr yn 'e Polder fuort wol dat der wat mis wie. Yn no time krigen wy help. Mei ús fjouweren hiene wy de man samar op 'e kant, dêr't fuort úteinset waard mei in reanimaasje.

It duorre mar efkes as al it wetter en de ynhâld fan syn mage kaam der wer út. Elkenien sykhelle ferromme doe't de man wer bykaam. Ynpakt yn kleden en sa'n aluminium tekken kaam der stadichoan wer wat libben yn him. Doe't de ambulânse te plak wie en de man meinaam waard, seagen wy inoar oan by de kant fan it swimbad. Wat in relaxed jûntsje wurde moatten hie, wie yn in split second feroare yn in reanimaasje. Mei 'godzijdank' in goed ein.

Fight, flight or freeze. Heakje dêr mar ien oan ta. Scream. Ik bin der achter kaam dat ik net fjochtsje, flechtsje of befries; nee, ik begjin te razen. No skynt dat ek in hiel goed idee te wêzen yn needgefallen, sa die mar wer bliken. Dus mochten jimme my ynkoarten wer ris omrazen hearre, tink dan mar sa: se kin der neat oan dwaan. It is in natuerlike reaksje."

(advertinsje)