Dweilorkest De Menaemer Feintsjes is Nederlânsk kampioen Dweilorkesten

Dweilorkest 'De Menaemer Feintsjes' hat snein it Nederlânsk kampioenskip Dweilorkesten wûn. Ferline jier wienen se ek al de bêste.
© Menaemer Feintsjes
Sa'n 50 orkesten moasten fjouwer kear spylje foar sjuery's. De Feintsjes waarden as bêste ferkeazen troch in sterk muzikale show mei in soad enerzjy en ynteraksje. Op muzikaliteit en amusemint waard it orkest heech beoardiele.
Ek yn 2009 en 2013 waarden de Feintsjes Nederlânsk kampioen. Ek waarden se fjouwer kear bekroand ta nasjonaal kampioen.