Earste fytsers ûnderweis foar de Fytsalvestêdetocht

10 jun 2019 - 06:37

De earste groepen fan de mei elkoar 15.000 fytsers binne dizze moandeitemoarn betiid op de fyts stapt foar de 235 kilometer lange Fytsalvestêdetocht. Yn Boalsert wie de start om 5.00 oere. Maarten van der Weijden, deputearre Sander de Rouwe, boargemaster Jannewietske de Vries en Sid Berger skeaten de earste fytsers fuort. De finish fan dizze 83ste edysje is ek wer yn Boalsert.

Folgje alles oer de tocht yn ús liveblog.

Folgje it online

In spesjaal team fan social media is de hiele dei op 'en paad om de tocht online yn byld te bringen. De stimpelposten yn de ferskate plakken wurde goed yn 'e gaten hâlden en ek de reaksjes fan de dielnimmers binne werom te finen op social media. Sawol op Facebook, Instagram as Twitter is de tocht fan begjin oant ein te folgjen.

Watfoar waar wurdt it?

Moarns is der in soad bewolking, mar ek noch in perioade mei sinne. Middeis op 'e nij tanimmende bewolking mei letter yn 'e middei al kâns op in rein of tongerbui.

It wurdt 18 oant 21 graden.

De wyn út it noardeasten wurdt matich. Yn 'e kustgebieten, om en boppe de Iselmar frij krêftich. Wynstjitten oant yn krêft 6.

Letter yn 'e middei en jûn nimt de wyn fluch ôf. Dan ek komme de buien tichteby of oer.

Yn 'e jûn en nacht in oantal buien mei kâns op tonger, hagel, bytiden in soad rein en wynstjitten. Fannacht 13 of 14 graden.

Foto: Henk Bootsma

Folgje it op radio en telefyzje

Fan 8.00 oere ôf docht Omrop Fryslân ferslach fan it fytsevenemint op radio en telefyzje. Moarns earst út Dokkum wei, middeis sjocht Omrop Fryslân by de stimpelpost yn Aldemardum. Fierder is de ridende ferslachjouwer Lennie Bronsveld op 'en paad om yn de ferskate stêden it evenemint te ferslaan.

Fan 18.20 oere ôf sjocht presintator Roelof Lousma by de finish hoe't de fytsers oankomme yn Boalsert en hoe't it mei harren steld is. Neist de ferslachjouwing binne der ek reportaazjes te sjen fan ferskate dielnimmers.

Ek de motors ride de Alvestêdetocht dizze dei (start 6.45 oere), krekt as de soleksen en de brommers (start 6 oere).

Der kinne 3.600 motoaren meidwaan, mar dat oantal helje se net. "De regen schrikt sommige mensen af. We hopen dat het niet slechter wordt", seit Marjilde Wittekoek, foarsitter fan de Friesche Motorclub. "Er zijn best veel deelnemers afgevallen."

Trefwurden: 
fytsalvestêdetocht
(Advertinsje)
(Advertinsje)