Mente de Boer as earste binnen by Stepalvestêdetocht

09 jun 2019 - 19:19

Mente de Boer fan Nijlân is sneintemiddei as earste oer de finish yn Boalsert kaam by de Stepalvestêdetocht. Hy kaam ferline jier ek as earste oan de finish. Snein wie hy yn it selskip fan Lonneke Zijlstra, Melvin Tolsma en Jetze Genee.

Foto: Rudy Bouma - Frieslandactueel.nl

Der wiene dit jier mear as 250 dielnimmers, dy't de 230 kilometer lange tocht op de step makken. Der diene dit jier ek minsken út Italië, Spanje en België mei. "Je merkt dat het steeds meer gaat leven," sa seit foarsitter Robert Witteveen.

Dielnimmers ha noch oant njoggen oere sneintejûn om binnen te kommen. Moarn starte de fytsers foar de Fytsalvestêdetocht. Dy is wiidweidich te folgjen by Omrop Fryslân.

Trefwurden: 
Alvestêdetocht step
(advertinsje)
(advertinsje)