Iepenloftspul Brantgum: De lêste floed

09 jun 2019 - 18:57

Eb en floed ferdwine foargoed op it momint dat de Lauwerssee de Lauwersmar waard. It hie dramatyske gefolgen foar de húshâlding fan Tsjerk Vogel. Al generaasjes lang wurke sy dei en nachts yn it slyk om in stik grûn werom te krijen. Lân dat troch in eardere stoarmfloed opeaske waard troch de see. Mar de see-ynham driget ôfsletten te wurden en lânwinning is net mear mooglik. De komst fan de ûnkearbere 'lêste floed' leit in generaasjekonflikt bleat en lit in wrakseling sjen troch it gemis fan leafde en erkenning.


Troch: Johanna Brinkman

It is syn libbensdoel; de djippe see-ynhammen weromkrije. Boer Tsjerk Vogel, spile troch Drys Visser, wol koste wat it kost dat lân ha en sûget syn beide soannen dêr yn mei. Mar sy sjogge it net sitten en kieze harren eigen paad. De jongste soan Arjen, in rol fan Wybe Kuipers, is belutsen by de ôfsluting fan de Lauwerssee en is dêr grutsk op. Mar erkenning krije fan syn heit; dêr kin hy net op rekkenje.

It iepenloftspul, skreaun troch Baukje van Hijum op basis fan it boek 'De lêste floed' van Durk van der Ploeg, begjint as soan Arjen nei jierren wer thús komt.

Foto: Omrop Fryslân

"Arjen wol erkenning fan syn heit. Dêr is hy al syn hiele libben mei dwaande. En dat is ek in tema hjoed te dei. Guon minsken binne har hiele libben op syk nei erkenning. En ferjitte hjirby om te libjen. Mar erkenning moatte je yn jesels sykje en net by in oar." Neffens regisseur Atsje Lettinga is it stik in ferhaal mei djipgong en in soad symbolyk wêr't it publyk sels in stikje úthelje kin.

Guon minsken binne har hiele libben op syk nei erkenning. En ferjitte hjirby om te libjen.

Atsje Lettinga, regisseur De lêste floed

Dat kin gean oer it sykjen fan erkenning of it gemis fan leafde, mar ek hoop en blydskip. "It is in ferhaal mei in soad fertriet en ferbittering, mar der is altyd in manier wat it wer omkeard, lykas mei eb en floed, de lêste floed. Ek al is der in slús lein, je kin noch hieltyd it wetter sels bewege litte."

En dy beweging sit konstant ferweve yn 'De lêste floed'. Dûnsers litte it ferskaat oan emoasje yn bewegingen op muzyk sjen. De symbolyk fan it oanbringen fan it slyk komt op ferskate mominten yn it stik nei foar. It dekôr is bewust minimaal hâlden. Yn it begjin wiene der plannen mei grutte skermen en filmbylden, mar tegearre mei de spilers is besletten it tichteby de belibbing te hâlden en it stik werom te bringen nei it feitlike spyljen en de muzyk.

Giele sokken

It publyk komt yn de kunde mei de gedachten fan Arjen, sûnder dat we him dêrby praten sjogge. Der is brûk makke fan recycle materialen en de spilers ha âlde overals oan. De kleuren blau, grien en giel komme in soad oan de oarder. Al is it allinnich al om't alle spilers giele sokken oan ha. Oan it publyk de opdracht om sels te achterheljen wat dat no foar betsjutting hat.

Spyldata

  • Tongersdei 13 juny
  • Freed 14 juny
  • Sneon 15 juny
  • Tongersdei 20 juny
  • Freed 21 juny
  • Sneon 22 juny

Alles witte oer de iepenloftspullen yn Fryslân? Sjoch dan op Omrop Fryslân's spesjale iepenloftspulside. Hjir fynst filmkes, artikelen en fansels praktyske ynformaasje oer de moaiste iepenloftspullen fan 2019.

(advertinsje)