Brêge Skûlenboarch wol wer net ticht troch steuring

09 jun 2019 - 15:39

De brêge oer it Prinses Margrietkanaal by Skûlenboarch stiet wer iepen. Troch in steuring kin de brêge net mear ticht.

Foto: ProNews

Der moat in monteur fan Rykswettersteat komme om it probleem op te lossen. De skipfeart hat gjin lêst fan de steuring, mar minsken dy't de brêge brûke wolle moatte oant wol fiif kilometer omride of -fytse.

It is net de earste kear dat der problemen binne mei de brêge by Skûlenboarch. It is noch net bekend wannear't de brêge wer ticht kin.

Trefwurden: 
brêge Skûlenboarch steuring
(advertinsje)
(advertinsje)