Opposysje klear om koälysje fjoer oan de skinen te lizzen

De steatefraksjes fan D66 en Forum voor Democratie kinne net wachtsje om de nije koälysje fan stevige opposysje te foarsjen. Dat sizze fraksjelieders Romke de Jong en Maarten Goudzwaard fan de partijen.
Romke de Jong © Omrop Fryslân, Jitze de Vries
Dizze wike waard bekend dat de koälysje harren programma op haadlinen klear hat. Nije wike sil it akkoart presintearre wurde. De beide opposysjepartijen witte eins noch neat oer wat der yn it akkoart stiet. It is tige stil fan de kant fan de koälysje sizze se yn it radioprogramma Buro de Vries fan Omrop Fryslân.

Tsjinwicht biede kommende jierren

De Jong en Goudzwaard binne klear foar de nije steateperioade en sizze inoar op te sykjen dêr't it kin om tsjinwicht te bieden. Se binne tige nijsgjirrich hoe't it akkoart derút sjocht. Op it mêd fan duorsumens hawwe de beide partijen op guon punten ferskillende stânpunten. Forum sil him foaral rjochtsje op sinneparken en wynparken. It feangreidegebiet binne se noch in stânpunt oan it útfinen.
Romke de Jong en Maarten Goudzwaard yn Buro de Vries