Lytse brúnfisk spielt oan op It Amelân

09 jun 2019 - 14:56

Op It Amelân is sneintemoarn in lytse brúnfisk oanspield. Op it momint dat de brúnfisk fûn waard, libbe it bistje noch. Wol wie it troch ferskate fûgels oanpikt.

It bistje koe net mear rêden wurde. In bistedokter fan it eilân hat it úteinlik út syn lijen ferlost.

It kennissintrum foar walfisken, SOS Dolfijn, seit dat minsken kontakt mei harren opnimme moatte as der noch mear brúnfisken of dolfinen fûn wurde.

Trefwurden: 
It Amelân brúnfisk
(Advertinsje)
(Advertinsje)