Maaike Hornstra set har yn foar de ynternasjonale toulûksport

09 jun 2019 - 14:16

Maaike Hornstra út Jellum is in oersporter. Op allerhande sportive mêden die en docht se mei yn de top. Hurddrave, crosses en jierrenlang wie se mei it nasjonale toulûkteam ien fan de topteams fan de wrâld. Sûnt koart is se sekretaris-generaal fan it ynternasjonale toulûkbûn Tug of War International Federation.

Foto: Maaike Hornstra

Yn de jierren 80 en 90 wie Hornstra betûft toulûker. Mei it nasjonale frouljusteam waard se ferskate kearen wrâldkampioen. Dêrnei wie se ek aktyf op oar sportyf flak. Hurdrinne die se likegoed op heech nivo. Mar it toulûken is altyd har grutte leafde bleaun. Se is al in oantal jierren aktyf yn it bestjoer fan it ynternasjonale bûn.

Sûnt april dit jier hat se de taak fan sekretaris op har naam. De grutte útdaging is om alle lannen dêr't toulutsen wurdt noch better by elkoar te bringen en it toulûken wer heger op de ynternasjonale kalinder te krijen.

Beharkje hjir it petear mei Maaike Hornstra

Begjin 1900 wie toulûken noch in Olympyske sport. Dat is yn 1920 ophâlden, omdat de Spelen mear nei yndividualistyske sporten oerstapten. Teamsporten waarden te djoer. It bûn is al in oantal jierren dwaande om te sjen oft it toulûken wer weromkomme kin op de Spelen, mar dat liket in dreech ferhaal te wurden.

Yn 2028 is de folgjende kâns, mar neffens Hornstra moat der goed sjoen wurde nei de realiteit. As it net helber is, kin it bûn him der better op rjochtsje om bygelyks mear lannen nei de World Games te krijen. Hornsta sil yn alle gefallen har bêst dwaan de 72 lannen noch út te wreidzjen en it spul nei in heger nivo te tillen.

Doarpssport

Toulûke is yn Nederlân benammen in doarpssport. It Nederlânske toulûkbûn is in soad op 'en paad om jongeren entûsjast te krijen foar de sport en se mear beet te hâlden as se âlder wurde. Dat is faak it probleem. Nei de jeugdjierren hâlde in soad minsken op mei de sport.

Yn lannen as Taiwan en Japan is it in folle gruttere sport. Yn Europa is it yn it Spaanske Baskelân tige populêr en stiet it op in heech nivo. It soe moai wêze as it hjir ek wer in heger nivo krije soe, neffens Hornstra.

(advertinsje)
(advertinsje)