Galery Hoogenbosch op 'e Gordyk hâldt dermei op

De eigeners fan galery Hoogenbosch, Atze Hoogeveen en Dieuwke Bosch, hâlde dermei op, Net fuortendaliks, mar op 1 jannewaris 2020. It is harren eigen kar, dus oan de iene kant fine se it moai, want dit jout tiid foar wat oars. Mar der binne ek dingen dy't se misse sille, lykas it kontakt mei keunstners.
Jaap Min: gestrande kotter bij Petten © Omrop Fryslân, Karen Bies
De galery giet fierder en komt yn hannen fan in stichting. Dy sil der in folle breder kultureel bedriuw fan meitsje, mei net allinnich keunst, mar ek muzyk en poëzy. Buro de Vries is op De Gordyk foar in petear mei Atze en Dieuwke.

Jaap Min

De tentoanstelling dy't op dit stuit te besjen is yn galery Hoogenbosch bestiet út wurk fan Jaap Min. Fan dizze keunstner (1914-1987) is in seleksje makke út 1.500 tekeningen, gouaches, en akwarellen. It binne in protte lânskippen dêr't in grutte leafde foar de natuer út bliken docht.
Yn museum Belvédère op It Hearrenfean hingje oaljeferfskilderijen fan Jaap Min. Mei-inoar foarmet it wurk in bysûndere kolleksje, dy't foar in grut part noch net earder foar it grutte publyk te sjen west hat.
Galery Hoogenbosch is beide Pinksterdagen iepen.
Omrop Fryslân gie del by Atze en Dieuwke fan galery Hoogenbosch