Marit Bouwmeester sylt yn waar en wyn by Scheveningen

09 jun 2019 - 10:21

In soad minsken soene it mei it stoarmige waar sneon net yn 'e plasse krigen hawwe om it wetter op te gean. Sylster Marit Bouwmeester fan Boarnsterhim tocht dêr lykwols oars oer. Sy besleat fan de ekstreme waarsomstannichheden gebrûk te meitsjen en de seilen te hisen.

It gie sneon dan ek om need. By Scheveningen stie wynkrêft 7, mei somtiden fleagen fan wynkrêft 9. Dochs joech de havenmaster fan it baaiplak Bouwmeester tastimming om út te farren. En dat levere bysûndere plaatsjes op, sa't yn boppesteande tweet te sjen is.

(advertinsje)
(advertinsje)