Sara en Lisa út Easterein winne muzykwedstriid SjONG

"Jim brochten it sá moai, jim rekken ús rjocht yn it hert." Sa oardielde de sjuery sneon oer 'Dreamelân', it winnende nûmer fan SjONG 2019, útfierd troch Sara Orsel en Lisa Sijbesma út Easterein. De priis foar bêste sjongtekst gie nei Amarins Popma (Blauhús) mei 'Unseker'.
© Kim Schotanus
SjONG is it Frysktalige sjongfestival foar jongerein fan 12 oant en mei 18 jier. De wedstriid wurdt ien kear yn de twa jier organisearre troch Cedin. SjONG fûn dit jier foar de kear achtste plak. Dielnimmers skriuwe in Fryske tekst op in besteand nûmer.
Dielnimmers meie ek in Fryske sjongtekst ynstjoere en gjin audysje dwaan. Dan dogge se allinne mei foar de tekstpriis. Doel fan SjONG is om jongeren te entûsjasmearjen foar it skriuwen en sjongen fan Frysktalige nûmers.
Yn Neushoorn yn Ljouwert sleepten Sara en Lisa de earste priis yn 'e wacht mei 'Dreamelân', in Fryske oersetting fan 'A million dreams', in nûmer út de film The Greatest Showman.
"Fantastysk hoe't dit duo harren liet brocht, it hiele plaatsje kloppe en de sawol sang (Sara) as it pianospul (Lisa) wie magysk", sei sjonger/presintator Tim Douwsma. Tegearre mei Femke de Walle, André Becker en Willem de Vries foarme hy de muzyksjuery fan SjONG 2019.
De twadde priis gie nei sjongeres Baukje de Graaf (Noardburgum) mei it nûmer 'Doe't ik dy seach', in cover fan 'Toen ik je zag' fan Antonie Kamerling. De tredde priis gie wer nei in duo: Tara van der Meulen (Raerd) en Nynke van der Eems (Easterein) songen 'Gewoan', oftewol 'I would stay' fan Krezip.

Bêste sjongtekst

Ek dit jier wie der wer in tekstpriis foar de bêste sjongtekst. Tekstsjueryleden Bart Kingma en Karen Bies nominearren koartlyn fiif sjongteksten en makken sneon bekend dat de tekst 'Unseker', útfierd troch Amarins Popma, de alderbêste wie.
De tekst, skreaun op 'Million reasons' fan Lady Gaga, wie net in oersetting. It ûnderwerp wie just oars en dat fûn de sjuery moai. Bart Kingma: "Dêr komt by dat de tekst kloppe, hy rint en rôlet hearlik en past perfekt op de muzyk."