De bûnspartij yn Frjentsjer moandei live by Omrop Fryslân

09 jun 2019 - 09:41

Pinkstermoandei wurdt tradisjoneel de bûnspartij ferkeatst yn Frjentsjer. It Nederlânsk Kampioenskip foar ôfdielings, sa wurdt de partij offisjeel neamd. En Omrop Fryslân is der live by. De finale is live te folgjen op www.omropfryslan.nl of op de app.

Foto: Henk Bootsma

Ferline jier waard de bûnspartij wûn troch Bitgum. Tjisse Steenstra wûn doe mei Johan van der Meulen en Steven Koster. Dit jier is Steenstra wer yn bloedfoarm, mar keatst hy mei twa oaren, twa jonge keatsers, nammentlik Paul Dijkstra en Yannick Hijlkema.

De favoryt is dit jier Minnertsgea. Se wûnen al yn Weidum en Tsjummearum en mei Marten Bergsma, Hijlke Bruinsma en Hendrik Kootstra hawwe se trije haadklassekeatsers fan formaat. Grutte konkurrint binne Sint-Jabik en Ljouwert. Ljouwert komst sels mei twa sterke partoeren.

(advertinsje)
(advertinsje)