De Alvestêdebierfytsers rinne foar op skema

09 jun 2019 - 08:53

De fytsers fan Team Wybe, dy't op dit stuit de Alvestêdetocht op in bierfyts ôflizze, binne goed de nacht trochkaam. Sneintemoarn, krekt foar 7.00 oere, kaam de groep yn Sleat oan. En dat is earder as earst pland wie.

De freonegroep organisearret de aksje om jild op te heljen foar kankerûndersyk. Team Wybe waard oprjochte yn 2015 nei it ferstjerren fan har freon Wybe Leenstra. De ferwachting is dat Team Wybe yn de rin fan de middei oankomt yn Boalsert.

(Advertinsje)
(Advertinsje)