Hisen fan Kallemooipeal op Skiermûntseach rêstich ferrûn

09 jun 2019 - 08:40

It hisen fan in koer mei dêryn in hoanne, by it Kallemooifeest op Skiermûntseach is rêstich ferrûn. It Pinksterfeest luts in soad taskôgers. Der kamen lykwols ek diere-aktivisten spesjaal nei it eilân om te protestearjen tsjin de tradysje. Sy fine it feit dat de hoanne trije dagen lang op 18 meter hichte opsletten sit dieremishanneling.

Foto: RTV Noord, Jeroen Berkenbosch

It Kallemooifeest fûn plak oan de súdkant fan it gemeentehûs. Oan de noardkant stiene de aksjefierders. Der wie dit jier in soad befeiliging oanwêzich, om it feest yn goede banen te lieden en konfrontaasje tusken eilânbewenners en aktivisten te foarkommen. Sa wiene der ferskate plysje-aginten en bewaakte in groep fan tritich frijwilligers de peal en de hoanne by it hisen.

Legaal protest

De ôfrûne jierren keazen de aksjefierders foar yllegaal protest, mar dit jier fregen se tastimming oan de gemeente en krigen se in spesjaal fak tawiisd om te demonstrearjen. En dat diene se folop. Sa skandearren se: "There's no excuse for animal abuse" en "De middeleeuwen zijn voorbij, laat de haan vrij".

Dy leuzen koene rekkenje op reaksje fan de eilânbewenners. Dy begûnen entûsjast mei-inoar te sjongen en te jûchjen. Sy sjogge it probleem fan de tradysje net sa. Ek minsken dy't net op Skiermûntseach wenje, reizgje spesjaal ôf nei it eilân om by it Kallemooifeest te wêzen. "Het is geweldig. Het is voor ons ieder jaar weer een aanleiding om naar Schiermonnikoog te komen", sa seit in man.

Foto: RTV Noord, Jeroen Berkenbosch

"Wij spelen altijd het Kallemooitoernooi met voetbal." Dat der minsken steane te protestearjen, fynt hy net slim. "Het is hun goed recht in Nederland, dat iedereen zijn zienswijze mag zeggen. Het maakt het feest er voor mij niet minder om. Ik denk dat het een traditie is die gewoon in stand mag worden gehouden."

Tiid foar feroaring

De aksjefierders fûnen it nuver om tasjen te moatten hoe't de hoanne dochs de mêst yn hyst waard. "Met touwen wordt die haan omhoog gehesen. Je ziet hem echt heen en weer gaan. Het lijkt me geen pretje voor het beest om daarin te zitten. Het is bijzonder om te zien, raar om te zien", seit ien fan harren.

De man hat wol it idee dat se in tsjinlûd hearre litte kind hawwe. "Als je kijkt hoe het publiek reageert, kun je wel zien dat ze niet blij zijn dat wij hier staan. Maar dat betekent wel dat we gehoord en gezien zijn. Het is tijd dat deze traditie verandert."

Neffens him wiene de reaksjes sneontemiddei noch wol posityf, mar doe't der alkohol yn it spul kaam, feroare dat. "Ze worden wat baldadiger, wat agressiever. Maar nog steeds is het wel goed te doen. Dus ik denk dat het goed is dat we er zijn en we komen volgend jaar terug met een grotere groep."

"Waar bemoei je je mee"

Eilânbewenner Garda Meerdink fynt it tige spitich dat der aksje fierd wurdt. "We hebben gewoon een hele leuke traditie. En er is nog nooit één haan dood uit die mand gekomen. Ik denk: waar bemoei je je mee", seit se.

"Ga je inzetten voor de plastic soep. Het is een traditie, gun ons die. Ga bij een slachterij staan waar veel meer dierenleed is."

RTV Noord-ferslachjouwer Jeroen Berkenbosch wie by it Kallemooifeest

(advertinsje)
(advertinsje)